Toanielferiening It Freonental út Jonkerslân spilet elts jier yn it
Doarpshûs fan Jonkerslân. Meastal twa stikken. It earste yn desimber
en oan ‘t ein fan de winterskoft, it twadde. Moaie stikken spylje
en mei elkoar wat bysûnders foar it ljocht bringe dat is de basis by
It Freonental.
Hasto ek ris nocht om in jûn yn de wike te toanielspyljen, kom
ris del. Jong of âlder, it makket neat. Fan alle jierren is der
faaks wol in rol yn in stik.
Sa no en dan spilet It Freonental in eigen stik. Hielendal makke
foar de eigen ploech en meastal wol mei wat nijs.